Krityk Senaat op weryndieling

06 jul 2010 - 09:43

De Earste Keamer wie moandeitejûn kritysk oer de foarnommen weryndieling yn Súdwest Fryslân, mar pas tiisdei by de stimming sil bliken dwaan hóe kritysk de partijen binne. Provinsjale Steaten joegen earder in 'net posityf' advys oer dy weryndieling, mar dat is net in dúdlik 'ja' of 'nee'.

Der leit no in moasje om te sjen oft der net in dúdliker antwurd út de provinsjale polityk yn Fryslân komme kin. Dan soe de saak oer de fakânsje hinne tild wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)