Film foar nije boargemaster

It wurkplak fan de nije boargemaster
Tytsjerksteradiel set in promoasjefilm yn om safolle mooglik boargemasterkandidaten te lûken. Gerrit Jan Polderman hâldt der op 31 desimber mei op en dan moat der in nije boargemaster wêze. De gemeente hat mei dizze oanpak in primeur yn Nederlân, want gewoanlik krije gadingmakkers in mapke mei ynfo oer de gemeente.
De kommissaris fan de Keninginne praat tiisdeitejûn mei de ried oer de beneaming fan in nije boargemaster.