Studinte nei Jeugdried

05 jul 2010 - 21:20

Andrea Bos út Ljouwert is beneamd yn it bestjoer fan de Nasjonale Jeugdried. Se sil de Nederlânske jongerein fertsjintwurdigje by de Feriene Naasjes. Fierders sil se foar de Nasjonale Jeugdried advys jaan oan oerheden oer jeugdbelied. Andrea Bos is 20 jier en studearret polityk en ynternasjonale betrekkingen yn Utert. Se hopet yn it jier dat se yn de Jeugdried sit ek vmbo'ers en mbo'ers te belûken by de ynternasjonale polityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)