Ljouwerter man fermist

05 jul 2010 - 20:26

Sûnt moandeitemoarn wurdt de 49-jierrige Ljouwerter Rins Sander fermist. De man is moandei fan hûs gien nei syn wurk, mar is dêr net oankaam. Hy wennet yn de wyk Suderbuorren en rydt op in grize Batavusfyts mei blau-wite fytstassen.

Rins Sander is 1.95 meter lang, hat koart donker hier en hat in bril op. Hy hat in ljochte spikerbroek en in swart t-shirt fan it merk G-Star oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)