Skoalle ferskoot musical

05 jul 2010 - 12:07
  • De bern fan basisskoalle De Hoekstien wolle sels ek de heale finale sjen

Skoallen nimme maatregels fanwege de heale WK-finale Nederlân-Uruguay fan tiisdei. Op tsientallen basisskoallen fiere bern fan groep 8 tiisdeitejûn harren musical op. Omdat de heale finale om 20.30 oere begjint litte in soad skoallen de musical no earder begjinne, sadat bern en âlders de musical én it fuotbaljen sjen kinne.

Kristlike basisskoalle De Hoekstien yn Surhústerfean hat de musical sels in dei ferskood. Op dy skoalle wurdt de musical no op moandei opfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)