Traverse Trynwâlden op 'e skop

05 jul 2010 - 11:34
  • De kommende hûndert dagen wurdt hjir oan de dyk wurke

De provinsjale dyk troch Gytsjerk en Oentsjerk sil binnen hûndert dagen klear wêze. De oannimmer jout de meiwurkers pas fâkânsje as de dyk klear is. De drokke dyk soarget foar in soad ûnfeilige ferkearssitewaasjes en wurdt dêrom no folslein op 'e nij ynrjochte.

Sa komme der rotondes en nije fytspaden. It wurk oan de Traverse Trynwâlden gong moandei fan start. Deputearre Piet Adema joech it startsein foar de operaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)