Spoedapteek yn sikehûs Snits

05 jul 2010 - 10:20

It Antoniussikehûs yn Snits krijt yn septimber in spoedapteek. De aptekers, húsartsen, de dokterswacht en it sikehûs hawwe dêrfoar in yntinsjeferklearring tekene.

Minsken dy't no by de dokterswacht of de earste help medisinen foarskreaun krije, moatte dêrfoar nei in apteek yn de stêd, dy't faak beheinde iepeningstiden hat. As de spoedapteek aanst iepen is kinne se mei it resept fuortendaliks yn it sikehûs sels terjochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)