Soad bekeurings by Appelskea

05 jul 2010 - 09:51

By in snelheidskontrôle op de dyk tusken Easterwâlde en Appelskea binne freed goed 300 bekeurings útskreaun. Der wurdt op dat stik oan de dyk wurke en der jildt dêrom in maksimumsnelheid fan 50 kilometer yn 'e oere.

Ien op de fiif auto's ried te hurd, mei in útsjitter fan 100 kilometer yn 'e oere. By wurk oan de dyk lizze de bekeurings tritich persint heger as oars. De plysje sil ek de kommende tiid geregeld kontrolearje op dit stik dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)