Furia Two wint prolooch Solar

Sneintemoarn is de Frisian Solar Challenge yn Ljouwert begongen. In rekôroantal dielnimmers fan 50 boaten gie los mei de prolooch en sprintwedstriden. Yn de prolooch moatte de boaten sjen litte dat se gemiddels 8 km. yn 'e oere farre kinne. Trije boaten koene net oan de tiidslimyt foldwaan en it is de fraach oft sy starte meie.
De prolooch waard wûn troch de Furia Two, dizze boat komt út Ljouwert, mei piloat Gerard van der Schaar.