Skuorre yn Surch útbaarnd

05 jul 2010 - 06:28
  • By de brân gie dizze skuorre folslein ferlern (foto: Jaring Rispens)

By in brân op in pleats oan de Gooyumerwei yn Surch is sneintemiddei in skuorre folslein útbaarnd. Yn de skuorre stie ûnder oare ark en lei in bulte hea. De skuorre stie tichtby twa loadsen dêr't hinnen en keallen yn stiene. De brânwacht koe lykwols foarkomme dat de brân oersloch nei de loadsen. It is net dúdlik hoe grut de skea is.

De brân is mooglik ûntstien troch koartsluting yn it transformatorhúske fan in wynmûne op it hiem fan de pleats.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)