Trio Wind wint yn Sint Anne

04 jul 2010 - 22:01

De frije formaasjewedstriid foar de froulju haadklasse snein yn Sint Anne waard in oerwinning foar Maaike Wind, Sjoukje Visser en Afke Hijlkema. Yn in heechsteande en bloedspannende finale wie dit trio mei 5-5 en 6-2 krekt de baas oer Afke Kuipers, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. De tredde priis wie foar Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot.

Afke Hijlkema waard unanym ta keninginne beneamd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)