Trio Van der Bos wint yn Harns

Skiedsrjochter Bierma rekke even út de tiid (foto: Henk Bootsma)
Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ha de frije formaasjepartij yn Harns op harren namme skreaun. Sy wiene yn de finale mei 5-3 en 6-0 te sterk foar it partoer fan Jochum Bouma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema.
De lytse preemje yn dizze Hotze Schuil-partij wie foar it partoer Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Folkert van der Wei. Skiedsrjochter Lolke Bierma krige op de partij in bal tsjin de holle en moast ferfongen wurde.