Ferfelende manlju oanholden

04 jul 2010 - 14:23

Twa manlju út Appelskea en Ljouwert binne sneontenacht oanholden yn Drachten omdat se ferfelend wiene tsjin plysjes. Dy woene de man út Appelskea oanhâlde omdat er op de Súdkade yn Drachten op 'e dyk stie en auto's tsjinhâlde. Doe't de plysjes him frege om dêrmei op te hâlden, waard de man fan 21 jier ferfelend.

Plysjes besochten him doe oan te hâlden, mar de man fersette him. De man út Ljouwert, fan 22 jier, holp him dêrby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)