Jonkje falt fan glydsbaan

04 jul 2010 - 13:42

In 9-jierrich jonkje út Sint Anne is dit wykein ferwûne rekke neidat er fan in glydsbaan fallen is. De jonge wie yn in boarterstún yn Ljouwert op in hege glydsbaan oan it boartsjen, doe't er foaroer foel en op 'e rêch op 'e grûn telâne kaam.

In traumahelikopter waard ynset omdat syn ferwûnings frij slim liken. It foel úteinliks ta. De jonge is úteinliks mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)