Hooghiemster wint seisdaagse

Winner René Hooghiemster
René Hooghiemster fan Drachten is troch de winst yn it lêste kritearium fan de meardaagse Noordenveld-Westerkwartier ek noch einwinner wurden. Yn De Wylp ûntstie mids de reinbuien yn de lêste tweintich rûntsjes in kopgroep fan tsien man. Doe't ploechmaat Jord Veslinga fan Makkum de sprint oanluts, koe Hooghiemster de hannen yn 'e loft stekke.
Umberto Atzori en Folkert de Haan, de nûmers ien en twa, hiene de slach mist.