Heale finale op grut skerm

03 jul 2010 - 16:17

De heale finale fan Nederlân tsjin Uruguay is tiisdeitejûn te sjen op in grut skerm op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. In eveneminte-organisator hat dêr by de gemeente in fergunning foar krigen, ek sille der artysten optrede.

Der wurde mear as tsientûzen minsken ferwachte. De Fryske plysje sil dêrom ekstra minsken ynsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)