Webside Lawei skoart min

De webside fan teater De Lawei yn Drachten komt min út in oersjoch fan it Dagblad van het Noorden. Dat hat de webside fan De Lawei fergelike mei dy fan tsien teaters yn Grinslân en Drinte. Ut dat ûndersyk komt de site fan it Drachtster teater as ien fan de minsten nei foarren.
It DvhN hat it oer in kombinaasje fan de site fan in grutte hamburgerketen en dy fan in museum. De site fan teater De Oosterpoort yn Grins is neffens de krante de bêste.