Tsjûge ûngelok meldt har

03 jul 2010 - 14:22

In ynwenster fan Burgum hat har by de plysje meld as tsjûge fan de oanriding, wêrby't in 13-jierrich famke út Ljouwert om it libben kaam. Dy wie tongersdeitemiddei op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. It famke waard skept by it oerstekken, se ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Om achter de oarsaak te kommen die de plysje in oprop oan de bestjoerder fan in VW Caddy, dy't flakby it ûngelok wie. Dy hat har no meld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)