Fryske Gea iens mei Steatsbos

Steatsboskbehear stiet folslein yn syn rjocht yn de striid oer de ferheging fan de erfpacht op de waadeilannen, fynt kollega-natoerbehearder It Fryske Gea. In keamermearderheid is tsjin dy stiging, mar likegoed sette lânbouminister Verburg en Steatsbos de ferheging troch.
Ultsje Hosper fan It Gea jout syn kollega's gelyk, omdat hy fynt dat de terreinen fan ús allegear binne. Se moatte in earlike priis opbringe, omdat it om mienskipsjild jild giet.