Brân transformator TenneT

03 jul 2010 - 10:26

Netbehearder TenneT ûndersiket wat de oarsaak is fan in brân yn in transformator yn Burgum. Dy ûntstie freed oan it begjin fan de jûn flakby de Burgumer sintrale. Omdat in oare transformator it automatysk oernaam hie de brân gjin gefolgen foar de levering fan elektrisiteit.

Doe't de oproppen brânwacht oankaam wie it fjoer al út. Foar hoefolle skea de brân soarge hat is noch net bekend. Moandei begjint TenneT mei de reparaasje fan de transformator.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)