Arrestaasje op dak Akkrum
De plysje hat freed in Ljouwerter (35) oppakt op in dak yn Akkrum. Dêr wie er hinne krûpt neidat de plysje nei him op syk gie fanwege in melding fan mishanneling. Omdat de Ljouwerter net sels fan it dak komme woe waard in arrestaasjeteam ynset. Dat koe de man oanhâlde, hy is fêstset op it buro.
By de oanhâlding krige de plysje assistinsje fan de brânwacht. Foar de sekerheid waard ek in ambulânse oproppen.