Boaten mije passantehaven

02 jul 2010 - 16:48
  • Foto: Omrop Fryslân
  • Ferslachjouwer Dirk Baron ynterviewt Jongebloed (foto: Lenus van der Broek)

Weststellingwerf ferwachtet ynkoarten in ûndersykrapport te krijen oer de jachthaven by Driewegsluis. Sûnt de iepening is der kwalik belangstelling fan boatsjeminsken om ien of mear nachten yn 'e haven te bliuwen.

Wethâlder Jongebloed sei freed by de offisjele iepening fan de nije fytsbrêge by de slûs it einrapport gau te ferwachtsjen. As it nedich is, moat der gau aksje ûndernaam wurde om de haven oanlokliker te meitsjen. Yn 'e nije haven is plak foar 40 boaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)