Heale finale WK by Aldehou

02 jul 2010 - 14:40
  • De Aldehou yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

As Nederlân fan Brazilië wint, dan is de heale finale tiisdei te sjen op in grut skerm op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. De gemeente Ljouwert hat dêrfoar in oanfraach krige. Mocht Nederlân dan ek noch yn 'e finale komme, dan is dy wedstriid ek te sjen by de Aldehou.

De gemeente Ljouwert hat wol ien betingst. De wedstriid fan freed moat net foar oerlêst soargje en lanlik moatte der ek gjin ferfelende dingen barre. Is dat wol sa, dan giet it oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)