GGD: pas op mei bier

02 jul 2010 - 12:29

De GGD Fryslân warskôget Oranjefans om perfoarst net te folle bier te drinken fanwege de hege temperaturen. Foar, ûnder en nei de WK-wedstriid Nederlân-Brazilië sil yn kafees en op oare plakken bier dronken wurde. Te folle drinke by 30 graden of mear kin grutte gefolgen hawwe. Dronkenskip slacht earder ta en de gefolgen fan 'e waarmte komme ek folle hurder oan.

De GGd warskôget minsken in koel plak op te sykjen en goed wetter, fris of tee te drinken. Iten spilet gjin rol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)