Fytspaad Peins stap tichterby

02 jul 2010 - 10:44
  • Iepening fytspaad Doanjum-Ried (foto: Joachim de Ruijter)

It doarp Peins liket no dochs lang om let in fytspaad te krijen nei Ried. It idee is opnaam yn de plannen foar de kommende jierren. Tongersdei waard it fytspaad Doanjum-Ried yn gebrûk naam. Peins soe dêr oansluting op krije moatte.

Peins wol al jierren in fytspaad nei Ried. Alle dagen gean in protte skoalbern op 'e fyts nei Ried. Se moatte fjouwer kear deis oer in smelle dyk dêr't ek auto's en trekkers ride. Dat is in gefaarlike situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)