Logopedisten bliid mei beslút

02 jul 2010 - 09:55

Fryske logopedisten hawwe mei súkses aksje fierd tsjin de eigen bydrage. Pasjinten soene by elke besite tsien euro betelje moatte. De Twadde Keamer hat it útstel fan minister Klink lykwols ôfwiisd. Ferline wike makke de minister syn plannen bekend. Dat wie reden foar de Fryske logopedisten om in lilke brief te skriuwen.

By de protesten yn Den Haag wiene ek medysk spesjalisten oanwêzich. Fierders giet de eigen bydrage foar psychoterapy en de diëtist ek oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)