Keamer:gjin ferheging erfpacht

© Omrop Fryslân
Steatsboskbehear mei op koarte termyn de erfpacht op de Waadeilannen net mei hûnderten prosinten omheech dwaan. VVD, PVV en CDA binne der op tsjin dat de erfpachtfergoeding fan hûnderten fakânsjehûzen op fral Skylge en Flylân mei grutte bedraggen omheechgean.
De trije partijen hawwe mei 76 sitten in nipte mearderheid yn de Twadde Keamer. Steatsboskbehear moat grûn ferkeapje oan de gebrûkers fan gebouwen op dy grûn, fynt it CDA.