Man omkommen yn Muntsjesyl
Op it terrein fan de proefbuorkerij yn de Kollumerwaard is tongersdeitemiddei in man om it libben kommen. It slachtoffer is troch noch ûnbekende oarsaak mei de sitmeaner yn in sleat riden en ûnder de sitmeaner bedarre.
Doe't de man fûn waard, koene de helptsjinsten him net mear rêde. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok gebeure koe.