Oranje flinters op It Amelân

Ek de flinters binne yn oranjestimming
Op It Amelân fleane op dit momint in hiel soad oranje dúnparlemoerflinters. Yn oare jierren hâldt it mei in stik as fiif fan dizze bistjes wol op, mar no tilt it dus op fan dizze soarte.
De Vlinderstichting tinkt dat de strange winter der mei te krijen hat. Dizze flintersoarte oerwintert as aaike en net as rûp, lykas in hiel soad oare soarten. De aaikes kinne min oer kwakkelwinters en hat de ôfrûne droege en frij strange winter dus better ferneare kind.