ProRail: net fan brêge springe

Spoarbehearder ProRail sil de kommende waarme dagen skerp kontrolearje op swimmers dy't fan spoarbrêgen ôfspringe. Dat kin nammentlik liede kin ta gefaarlike situaasjes.
Neist de kâns op ûngelokken kinne de brêgespringers ek fertragingen feroarsaakje. As masinisten nammentlik minsken op of by it spoar sjogge wurdt de trein ôfremme of stil setten en moat it spoar earst frijmakke wurde foardat der wer fierder riden wurdt. In bekeuring kostet 90 euro.