Sportdei as praktykles

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it CIOS en Piter Jelles yn Ljouwert organisearje ek de kommende jierren sportaktiviteiten yn de stêd. Dat diene se de ôfrûne fjouwer jier ek al. Om ûnderfining op te dwaan hâlde se bygelyks sportdagen foar basisskoallen. Se dogge dêrby ek de begelieding.
De skoallen besjogge ek de mooglikheden fan oare praktyklessen. Learlingen fan in keunstrjochting soene dan ek ûnderfining opdwaan kinne.