Ryk drukt megamûnen dertroch

01 jul 2010 - 16:47

It Ryk jout dochs in boufergunning foar seis megawynmûnen yn 'e Iselmar by De Lemmer. De ministearjes fan VROM en Ekonomyske Saken gean dêrmei foarby oan 'e gemeente Lemsterlân. Dy woe de fergunning earder net jaan omdat de 100 meter hege turbines net yn it lânskip passe.

De ministearjes sette it projekt no troch. Se meitsje dêrby gebrûk fan de nije wet op de romtlike oardering dy't it Ryk in beslút nimme lit. De gemeente is lilk oer de gong fan saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)