Famke omkaam by oanriding

01 jul 2010 - 16:29

By in ûngelok op de krusing fan de Grinzerstrjitwei mei de Anne Vondelingwei yn Ljouwert is tongersdei oan 'e ein fan de middei in famke omkaam. Se waard op 'e fyts by it oerstekken skept troch in auto. De helptsjinsten hawwe noch besocht it slachtoffer te reanimearjen, mar dat is net slagge.

De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. It ferkear wurdt no oer de paralleldyk omlaat. Dat soarget foar de filefoarming en fertraging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)