Ljouwert wol doarpstún helpe

01 jul 2010 - 15:48

De gemeente Ljouwert is ree om jild te stekken yn de doarpstún fan Snakkerbuorren. De tún is fan moandei ôf seker in wike ticht, omdat it bestjoer neitinkt oer de takomst. Der binne te min minsken om him draaiende te hâlden.

De tún is trije fuotbalfjilden grut. Der wurkje in soad frijwilligers. Dy begeliede ek minsken mei in útkearing dy't wurkûnderfining opdwaan moatte. Takom wike praat it bestjoer fan 'e tún mei de gemeente oer it probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)