Glydpeal brânwacht ferdwynt

Net mear by de peal del, mar mei de trep (foto: Omrop Fryslân)
De nije Ljouwerter brânwachtkazerne hat gjin glydpeal mear. Dat hat te krijen mei arbo-easken. Yn de nijbou mei noch wol in peal komme, mar dan moat der boppe wol in stekje omhinne. Troch it stekje rinne kostet safolle ekstra tiid dat de brânwachtlju dan likegoed by de trep del kinne. Dat seit in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert.
It earste ûnwerp foar de nije kazerne is woansdei iepenbier makke.