Hûnderste SAR-flecht

In SAR-helikopter fan 'e fleanbasis Ljouwert hat woansdei de hûndertste rêdingsflecht fan dit jier útfierd. It tastel brocht in frou dy't befalle moast fan It Amelân nei it sikehûs yn Ljouwert.
Definsjehelikopters wurde ynset om pasjinten fan 'e Waadeilannen of de Noardsee ôf nei sikehuzen op 'e fêste wâl te ferfieren. Takom jier ferhúzje de SAR-helikopters fan 'e fleanbasis Ljouwert nei basis De Kooi yn Den Helder.