PJ Aldlân is technasium

01 jul 2010 - 14:29

Skoallemienskip Piter Jelles Aldlân yn Ljouwert hat it predikaat technasium krige. De skoalle mei de namme mei yngong fan it nije skoaljier brûke.

Doel fan it nije predikaat is om it beta-technysk ûnderwiis yn it fuortset ûnderwiis te ferbetterjen. It fak ûndersykjen en ûntwerpen stiet sintraal op in technasium. Learlingen wurkje oan in aktueel tema út de beropspraktyk fan beta's en technisy, lykas duorsumens, wettermanagement of lânskipsbehear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)