Suvelpersoniel herpleatst

01 jul 2010 - 14:22
  • Foto: Omrop Fryslân

Suvelkonsern FrieslandCampina hat foar de measte meiwurkers fan de te sluten fabriken yn Dronryp en Ljouwert oar wurk fûn. By it tsiisfabryk yn Dronryp giet it om 87 minsken. Hast santich fan harren kinne by fêstigings fan it bedriuw yn Ljouwert, Wolvegea of Beilen oan 'e slach.

Yn Ljouwert giet de kofjemolke-ferpakôfdieling ticht. De measten fan 'e goed santich wurknimmers dêr kinne op in oar plak yn it bedriuw wer oan 'e slach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)