Fragen GL oer Sintrale As

30 jun 2010 - 20:50
  • GrienLinks wol opheldering fan de minister

GrienLinks yn de Twadde Keamer wol opheldering fan minister Huizinga fan VROM oer de Sintrale As. Neffens de fraksje hie deputearre Piet Adema op twitter set dat de minister de Sintrale As stipet. Se soe beswieren dêrtsjin ynlutsen hawwe. Dat soe betsjutte dat Huizinga tefreden is oer de ynpassing fan de dyk yn it lânskip.

GrienLinks wol graach witte oft it berjocht kloppet en as dat sa is, op basis wêrfan't de beswieren ynlutsen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)