Djuricic langer by It Fean

30 jun 2010 - 16:36
  • Filip Djuricic yn aksje tsjin RKC

Filip Djuricic hat syn kontrakt by Sportklup Hearrenfean mei twa jier ferlinge. It 18-jierrige Servyske talint stiet no oant de simmer fan 2014 ûnder kontrakt by de Feansters.

Djuricic makke op 20 febrewaris yn de útwedstriid tsjin RKC Waalwyk syn debút. De oanfaller kaam dêrnei noch acht kear yn aksje yn it earste alvetal en makke ien doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)