Skier: net wenje yn bygebou

30 jun 2010 - 15:01

De Ried fan Steat hat Skiermûntseach gelyk jûn yn it stânpunt oer it bewenjen fan bygebouwen. It echtpear Barnhard bewennet al in tal jierren in bygebou om de âlders fan ien fan har fersoargje te kinnen yn it hûs njonken it bygebou. Fan 'e gemeente mei dat net, omdat it yn striid is mei it bestimmingsplan. It echtpear Barnhard hat mei ferskate prosedueres besocht om dochs tastimming te krijen.

Dy wei is no definityf ôfsnien troch de útspraak fan de Ried fan Steat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)