Steaten prate oer skearegeling

30 jun 2010 - 14:17

Provinsjale Steaten prate woansdei oer in skearegeling foar eigners fan hûzen mei rotsjende, houtene fundearringspeallen. De polityk stimde yn it ferline hieltyd yn mei peilferlegings yn it gebiet en krekt dêrtroch is dy pealrot ûntstien.

Foarstellen fan 'e opposysje om de skea te regeljen hellen it earder net. Woansdei is in foarstel fan 'e PvdA oan 'e oarder dat wol stipe wurdt troch CDA en VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)