Keamer wer te set oer erfpacht

30 jun 2010 - 12:53

De Twadde Keamer praat woansdei oer de erfpacht op de Waadeilannen. Steatsboskbehear wol de bydrage dy't minsken betelje moatte foar it brûken fan grûn flink ferheegje. Tsjin dy hegere pacht bestiet in soad wjerstân, omdat ferhierders fan fakânsjewenten en oare ûndernimmers benaud binne dat it de eilannen toeristen kostje sil.

Minister Verburg liket fêsthâlde te wollen oan de hegere erfpacht. Boargemaster Visser fan Skylge hopet dat de keamer dit foarkomme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)