Werbeneaming Aalberts rûn

30 jun 2010 - 12:28
  • Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel

Arie Aalberts bliuwt ek de kommende jierren boargemaster fan Dantumadiel. Hy is offisjeel werbeneamd troch Keninginne Beatrix, sa hat de gemeente bekend makke.

Begjin dit jier oardielde de gemeenteried al dat Aalbers bliuwe mocht. Syn werbeneaming giet op 1 septimber yn en jildt foar de kommende seis jier. Aalberts is sûnt 2004 boargemaster fan Dantumadiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)