Húske mei frou omtreaun

30 jun 2010 - 10:40

In 49-jierrige frou út Rottum is yn de nacht fan sneon op snein op It Hearrenfean swier ferwûne rekke doe't de Dixie dêr't se op siet omtreaun waard troch in groep jonges.

De frou wie in besiker fan de Night of the Koemarkt, doe't se om twa oere moarns nei it húske moast. Om de Dixie hinne stie in groep jonges fan sa'n 20 jier. Nei't dy it húske omtreaun hiene moast de frou mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)