Van der Werf wint Tolbert

29 jun 2010 - 22:32

Teake-Piet van der Werf is tiisdei winner wurden fan it kritearium fan Tolbert, de tredde wedstriid fan de hurdfytsmeardaagse fan it Noordenveld-Westerkwartier. De hurdfytser fan Dearsum sprong yn it lêste rûntsje út de kopgroep fan tsien man. Allinne Folkert de Haan gong mei. Troch in winnende einsprint pakte Van der Werf syn earste oerwinning by de amateurs.

René Hooghiemster, ploechmaat fan de winner by de Friesche Leeuw, waard tredde en de nije klassemintslieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)