Reparaasjes oan Iebrêge
De Iebrêge yn Dokkum sil dizze wike foar in part ôfsletten wurde foar it ferkear. Sa kin in grut diel fan de brêge reparearre wurde.
It asfalt op de brêge yn de Dokkumer rûnwei is snein foar in part los kaam. Dit kin foar gefaarlike situaasjes soargje. It ûnderhâld sil plakfine fan 12 oere woansdeitemiddei oant 12 oere tongersdeitemiddei.