Nije stichting foar ynvaliden

29 jun 2010 - 20:32

Allochtoanen mei in beheining moatte mear by de maatskippij belutsen wurde.

De Fryske toptafeltenniser Magan Tahir wol dêrom noch dit jier in nije stichting oprjochtsje. Tahir is yn Somalië berne en spilet rolstoeltafeltennis op ynternasjonaal nivo. Neffens him bart it noch te faak dat allochtoanen mei in beheining net goed yntegrearje omdat sy fanút har kultuer wend binne om ynfalide minsken benammen binnendoar te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)