Takomst swimbad ûnwis

29 jun 2010 - 20:13

De kâns dat it swimbad Blomketerp yn Frjentsjer ticht giet is tige grut wurden, no't de wichtichste oernamekandidaat sels in swimbad bouwe lit.

Piet Homminga sjocht ôf fan de keap fan it swimbad dat troch de gemeente yn de ferkeap set wurdt. Neffens him binne de kosten te heech en kin hy goedkeaper in eigen bad meitsje yn syn sportsintrum. De gemeente is ferrast troch dit nijs omdat Homminga oanjûn hie dat hy it bad graach oernimme woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)