'Fergriem gjin drinkwetter'

29 jun 2010 - 19:59

Friezen moatte de kommende dagen bewust omgean mei it drinkwetter. Dy oprop docht wetterbedriuw Vitens. Troch de waarmte en de foarseine hjitteweach driget in tekoart oan wetter.

Yn Oerisel en Gelderlân is it tekoart oan wetter sa grut dat minsken frege wurdt om net mear ûnnedich wetter te brûken. Yn Fryslân is der noch genôch drinkwetter, mar ek hjir is it ferstannich om goed nei te tinken foardat de kraan iepenset wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)